Wolkom op AlleFriezen.nl AlleFriezen is in webstee dat sjen litte wol wat der yn de Fryske gemeente-argiven, it Streekargivariaat Noard-East Fryslân, it Histoarysk Sintrum Ljouwert en Tresoar te finen is oer alle Friezen, dy’t berne, troud en ferstoarn binne yn de provinsje Fryslân, fan de 19de ieu oant mids jierren fyftich fan de foarige ieu.
AlleFriezen stribbet der ynearsten nei om alle gegevens út de iepenbiere akten fan de boargerlike stân (fan 1811 ôf) beskikber te stellen en it mooglik te meitsjen om alle akten dy’t by de presintearre gegevens hearre te besjen. AlleFriezen is dêrby ôfhinklik fan (finansjele) meiwurking fan de Fryske gemeenten. Op termyn moatte de gegevens út de boargerlike stân oanfolle wurde mei gegevens út oare boarnedokuminten, lykas it befolkingsregister. Op it stuit binne alle berte- (1811-1902), houliks- (1811-1922) en ferstjerregisters (1811-1942) fan in grut tal gemeenten fan de provinsje Fryslân te rieplachtsjen. Sjoch foar de dielnimmende gemeenten yn it linkerframe. Der kin op namme socht wurde, de akte kin ynsjoen wurde en eventueel printe wurde. Der kin ek troch de registers blêde wurde. Sadree’t in gemeente de finansiering foar it skennen fan de akten foarinoar hat, sil dy gemeente yn it rychje “Deelnemers” setten wurde. Dat wol lykwols noch net sizze dat de akten al digitaal beskikber binne. It bedriuw Pictura hellet de akten by Tresoar op om dy te skennen. By it skennen hinget alles ôf fan de beskikbere skenkapasiteit. Om in idee te jaan, op it stuit binne der mei-inoar mear as 1,8 miljoen iepenbiere Fryske akten fan de boargerlike stân. Hâld it webstee dus goed yn ‘e gaten foar nije input.
Mei it each op it grutte tal gegevens op dit webstee, binne flaters en tekoartkommings spitigernôch net foar te kommen. As jo by it trochsykjen fan de database lekken en brekken tsjinkomme (bgl. Jan moat Piet wêze, data binne net logysk, nammen fan de oanbelangjende minsken binne trochinoarhinne helle, akten binne ferkeard keppele, ensfh.), dan kinne jo ús dat mei it formulier byde detailgegevens oanjaan. As dat fanneden is, wurdt it record yn it boarnebestân ferbettere. De mutaasjes wurde in pear kear jiers yn groepen ferwurke. By it ynfieren jildt dat de skriuwwize dy’t yn de akte stiet bepalend is.
Foar it besjen fan de skens is de Adobe Flash Player, ferzje 10.0.22.87, fanneden. Dy is yn te laden en te ynstallearjen fia http://get.adobe.com/flashplayer/.
Op it webstee fan Pictura steane bylden fan de iepening fan AlleFriezen.nl. Jo kinne dy hjir besjen.
|