• English
  • Frysk
  • Nederlands

Sykje

AlleFriezen biedt de mooglikheid om de registers fan de boargerlike stân fan de dielnimmende gemeenten fluch op famylje- en foarnamme, fia it ienfâldige sykskerm (links), troch te sykjen. Jo kinne yn alle gemeenten tagelyk sykje, mar ek yn ien gemeente ôfsûnderlik. Boppedat kinne jo jo sykopdacht spesifisearje mei de knop “uitgebreid”. Fia dat skerm kinne jo sykje yn de ôfsûnderlike boarnetypen en eventueel yn in sels te kiezen perioade. Om op likefolle hokker trefwurd yn alle fjilden tagelyk sykje te kinnen, kinne jo de knop “vrij” brûke.

Op it stuit binne alle ferwizings nei de berte- (1811-1902), houliks- (1811-1922) en ferstjerakten (1811-1942) fan de boargerlike stân fan de dielnimmende gemeenten te rieplachtsjen. It is de bedoeling om yn de takomst alle akten fan de boargerlike stân fan alle Fryske gemeenten te digitalisearjen en oan de dêrby hearrende persoanen (les: aktenûmers) te keppeljen.

Jo kinne alle fjilden fan it record yn ferbân mei de oantroffen persoan yn in útrolfinster te sjen krije troch op de oanbelangjende rigel te klikken. Troch nochris te klikken lûkt it finster him wer ticht. De akten/siden dêr’t út de database wei nei ferwiisd wurdt, binne mei ien mûsklik op de knop “bekijk details” op te roppen. As jo streekrjocht út it resultateskerm wei nei de orizjinele akte gean wolle, klikke jo op it eachikoantsje. Jo kinne ek in ôfdruk fan de akte meitsje.

Gebrûk wildcards

By it sykjen kinne jo gebrûk meitsje fan saneamde wildcards. Troch in asterisk (*) te brûken, sykje jo nei treffers wêrby’t in part fan it wurd in fariabele stavering hat. De sykopdracht “P*ter*” smyt sawol “Pieter”, “Peter” “Piter”,as “Peter K”op. As ien letter ûnbekend is, kinne jo it fraachteken (?) brûke. De sykopdracht Ann? sil dus sawol treffers mei de namme Anna as Anne opsmite.

 

Dielnimmers

Fan de ûnderstreke dielnimmers binne scans oanwêzich.

Meast resinte dielnimmer

Noch gjin dielnimmer

In genealogy side fan Pictura Pictura valid xhtml