• English
  • Frysk
  • Nederlands

Faak stelde fragen

Wêrom binne de berten fan 1903, 1904, ensfh. noch net beskikber, wylst dy net mear ûnder de privacyregels falle?

De ferstjerakten út de boargerlike stân wurde nei 50 jier iepenbier, de houliksakten nei 75 jier en de berte-akten nei 100 jier. De registers wurde lykwols yn blokken fan 10 jier iepenbier makke. Mei oare wurden: de berten fan de jierren 1903-1912 komme earst yn 2013 beskikber, ensfh.

De ferstjerakten út de perioade 1943-1952 binne al wol iepenbier, mar noch net ynfierd. Dat is in kwestje fan it stellen fan prioriteiten. It oanfoljen fan de houliken mei de nammen fan de âlden hat de pree krigen. Boppedat wurdt de ynfier troch frijwilligers dien en binne der noch in protte oare al rinnende projekten, bygelyks it ynfieren fan it notariële argyf.

Puntsjes op de ij of net?

Eartiids waard de letter ‘ij’ yn grutte parten fan it lân as ‘ie’ útsprutsen, tsjintwurdich as ‘ei’. Eins moat dat omdraaid wurde: de ‘ij’ waard oant yn de 19de ieu brûkt om it ‘ie’-lûd mei oan te jaan.

By de measte wurden yn it Nederlânsk is de stavering yn ‘e rin fan de tiid oan de útspraak oanpast. Der binne noch guon útsûnderings. Sa wurdt ‘bijzonder’ as ‘biezonder’ útsprutsen, alteast no noch. By persoansnammen is de kâns op ferstienne skriuwwizen in stik grutter, om’t dy bûten staveringswizigings falle en faak sekuer út âldere offisjele boarnen, lykas berteregisters, oerskreaun wurde.

By plaknammen komt dat ferskynsel ek wol foar, lykas by Wijckel yn Gaasterlân-Sleat en Wijchen by Nijmegen. Hast alle persoansnammen (foarnammen en famyljenammen) dêr’t in ‘ij’ yn foarkomt, hawwe ek in fariant mei in ‘ie’, bygelyks Sijbinga en Siebinga.


De hjir beskreaune lûdferskowing kin betizing jaan as it om de geve útspraak en skriuwwize fan de eigen namme giet. Guon sprekke ‘Sijtsma’ ferkeard út, ‘Seitsma’, oaren sette der gjin puntsjes op en skriuwe ‘Sytsma’, ‘Wybenga’, ensfh. Yn de databases fan Tresoar wurde nammen mei in ‘ij’ faak mei in ‘y’ skreaun om it tal farianten te beheinen. Dat seit dus neat oer de skriuwwize yn de orizjinele akte. Hâld dêr by it sykjen rekken mei.

Sykrisseltaat lytser meitsje

Filters brûke

In filter wurdt brûkt om in sykrisseltaat noch lytser te meitsjen. Sadwaande kinne jo nei in sykopdracht in ekstra seleksjekritearium tafoegje. Dat kin troch in jiertal yn te typen en it fjild ‘jiertal’ te selektearjen.

Beheinings yn jo sykfraach

Om it tal treffers te beheinen kinne jo Rol, Tweede Persoon, Brontype, Plaats en/of Periode oankruse of yntype.

Hokker datum telt as datum fan it ûntbinen fan in houlik?

By it ûntbinen fan in houlik is de datum fan ynskriuwing fan it skiedingsfûnis yn it register fan houliken en skiedings de offisjele datum fan skieding. De ynskriuwing moast boppedat binnen seis moanne nei de fûnisdatum dien wêze. Mei oare wurden: as in skiedingsfûnis net binnen seis moanne nei de fûnisdatum yn it register fan houliken en skiedings ynskreaun waard, dan hie it fûnis gjin rjochtskrêft en koe it houlik dus yn stân bliuwe!

Ik kom net by de goede akte út.

Dy situaasje kin him foardwaan as de akten ferskate siden beflappe, de nûmering fan de akten op ‘en nij begûn is (yn in supplemintregister bygelyks) of as de akten net nûmere binne en yn de yndeks nei in side (Bnûmer) ferwiisd wurdt. Dan falt it net ta om de yndeksgegevens oan de digitalisearre akten te keppeljen. Yn sa’n gefal is it probleem op te lossen mei it blêdzjen yn it register. De registers binne (fansels) gronologysk opboud en mei help fan de oanjeftedatum (foar berte- en ferstjerakten) of houliksdatum is de goede akte fluch te finen.

Ynlogge / akkount oanmeitsje

Om fan dit webstee gebrûk te meitsjen hoege jo net yn te loggen en/of in akkount oan te meitsjen. Dy funksjonaliteit is der allinnich foar amtners fan de Fryske gemeenten.

It printsjen fan in akte

It printsjen fan in akte is fergees. De akten binne noch net fan alle gemeenten digitaal beskikber!!

Hoe wurket it printsjen?

Troch yn it risseltateskerm op it eachikoantsje te klikken, ferskynt de sken fan de akte dy’t derby heart. Links, ûnder de akte, sit in tal ikoantsjes. Klik op it ikoantsje ‘opslaan’ (tredde knopke fan links, mei de beide fjouwerkantsjes).

Mei de mûs lûke jo in ramt om it part dat printe wurde moat. Mei de skobalke kinne jo op de akten yn- en útzoome, wat jo mar wolle.

Klik dêrnei op it fekje ‘befêstigje’. Dan wurdt der in nij finster iepene. Klik op ‘ok’. Dan wurdt dat wat jo selektearre hawwe as jpg op jo kompjûter opslein (of iepene yn in programma foar it besjen fan ôfbyldings).

Dêrnei kinne jo de seleksje printsje.

Jo kinne ek op de knop ‘Download pdf’ klikke. Dan kinne jo it bestân fuort iepenje of opslaan. De akte wurdt iepene yn it programma Adobe Acrobat Reader. Dêr kinne jo de akte dan mei printsje.

Ôfbylding net sichtber?

As jo gjin ôfbylding fan in sken op jo byldskerm krije, dan kin dat oan jo ynternetsneuper lizze. Problemen kinne jo faaks oplosse troch de Plugin fan Adobe Flash Player, ferzje 10.0.22.87, yn te laden en fia http://get.adobe.com/flashplayer/ te ynstallearjen.

As jo mear as ien sneuper brûke, moat de Plugin yn elke sneuper ôfsûnderlik ynstallearre wurde. Hjirûnder in koarte brûkershantlieding foar Mozilla Firefox en Internet Explorer.

Internet Explorer

Internet Explorer jout yn de taakbalke de neikommende warskôging “Deze website wil deze invoegtoepassing installeren”: ‘Adobe Flash Player Installer’ fan ‘Adobe Systems Incorporated’. Klik hjir as jo it webstee en de ynfoechtapassing betrouwe en dy ynstallearje wolle. Klik op dy melding yn de taakbalke en kies ‘ActiveX-besturingselement installeren’.

Mozilla Firefox


Mozilla Firefox freget oft jo it bestân ‘install_flash_player.exe’ opslaan wolle. Der geane jo akkoart mei. Dêrnei wurdt in lyts skerm iepene dêr’t jo it bestân sjogge dat jo krekt ynladen hawwe. Klik dêrop en klik op ‘ok’ by de fraach ‘uitvoerbaar bestand openen’.

It neikommende skerm is in befeiligingswarskôging dy’t freget oft jo it bestân útfiere wolle. Klik op ‘uitvoeren’. Jo krije no in melding dat Adobe Flash Player Plugin net earder ynstallearre wurde kin as wannear’t jo Firefox ôfslute. Slút alle Firefox-skermen en besykje it op ‘en nij.

Op jo buroblêd sjogge jo no it Adobe Flash Player-ikoantsje. Dat kinne jo wiskje of stean litte.

Tips foar it besjen fan de skens fan de akte

- Betiizje it aktenûmer of blêdnûmer net mei de sifers dy’t achter “Bladeren door het register” neamd wurde. It aktenûmer of blêdnûmer stiet op de orizjinele akte of blêd.

- As der foar it aktenûmer gjin letter stiet, fine jo de akte op de beide siden dy’t ferskine na it oanklikken fan it eachje; mei it hantsje kinne jo de side ferskowe. Jo hoege gjin siden om te slaan.

- As der foar it aktenûmer in B stiet, fine jo de akte dy’t jo sykje op de rjochterside fan de twa siden dy’t jo te sjen krije of jo moatte in side omslaan. Dan fine jo de akte dêr oan de linkerkant.

Slaan in side om troch by “Bladeren door het register” it pylkje foar folgjende oan te klikken.

Wêr fyn ik de akten fan de ophefte gemeente Baarderadiel?

Yn 1811 waarden de besteande Fryske gemeenten yn 91 saneamde mairyen ferdield. Nei it ferdriuwen fan de Frânsen waarden de oarspronklike 32 gemeenten en alve stêden op ‘en nij ynsteld. Yn de 20ste ieu, benammen yn 1984, binne ferskate lytsere gemeenten byinoar stapt, sadat der anno 2009 noch 31 oer binne. Guon ophefte gemeenten binne oer twa of mear nije gemeenten ferparte. Op dit webstee wurde de akten fan de ophefte gemeenten by ien fan dy nije gemeenten ûnderbrocht. Hjirûnder in oersjoch:

Ferfallen gemeente Jier fan opheffing Besteande gemeente(n) Akte te finen yn
Ængwirden 1934 It Hearrenfean It Hearrenfean
Baarderadiel 1984 Littenseradiel Littenseradiel
Barradiel 1984 Frjentsjerteradiel, Harns en It Bilt Frjentsjerteradiel
Doanjewerstal 1984 Skarsterlân en Wymbritseradiel Skarsterlân
Dokkum 1984 Dongeradiel Dongeradiel
Drylts 1984 Wymbritseradiel Wymbritseradiel
Eastdongeradiel 1984 Dongeradiel Dongeradiel
Frjentsjer 1984 Frjentsjerteradiel Frjentsjerteradiel
Gaasterlân 1984 Gaasterlân-Sleat Gaasterlân-Sleat
Haskerlân 1984 Skarsterlân, Lemsterlân en It Hearrenfean Skarsterlân
Himmelumer Aldefurd 1984 Nijefurd en Gaasterlân-Sleat Nijefurd
Hinnaarderadiel 1984 Littenseradiel Littenseradiel
Hylpen 1984 Nijefurd Nijefurd
Idaerderadiel 1984 Boarnsterhim en Smellingerlân Boarnsterhim
Ljouwerteradiel* 1944 Ljouwerteradiel en Ljouwert Ljouwerteradiel
Raerderhim 1984 Boarnsterhim Boarnsterhim
Skoatterlân 1934 It Hearrenfean en Haskerlân It Hearrenfean
Sleat 1984 Gaasterlân-Sleat Gaasterlân-Sleat
Starum 1984 Nijefurd Nijefurd
Utingeradiel 1984< Boarnsterhim en Skarsterlân Boarnsterhim
Warkum 1984 Nijefurd Nijefurd
Westdongeradiel 1984 Dongeradiel Dongeradiel


* Yn 1944 waard it súdlike stik fan de oarspronklike gemeente Ljouwerteradiel (mei ûnder oare Huzum, Goutum, Wurdum en Wytgaard) oan de gemeente Ljouwert tafoege. It noardlike part bleau in selsstannige gemeente.

Fryske plakken database: in database om út te sykjen yn hokker gemeente in plak leit, of oarsom. Sadwaande kin eventueel mei de kaart fan Fryslân út de 19de en 21ste ieu socht wurde.

 

Dielnimmers

Fan de ûnderstreke dielnimmers binne scans oanwêzich.

Meast resinte dielnimmer

Noch gjin dielnimmer

In genealogy side fan Pictura Pictura valid xhtml