Menu

Wolkom op AlleFriezen.nl

AlleFriezen is in webstee dat sjen litte wol wat der yn de Fryske gemeente-argiven, it Histoarysk Ynformaasjesintrum Noordoost Fryslân, it Histoarysk Sintrum Ljouwert en Tresoar te finen is oer alle Friezen, dy’t berne, troud en ferstoarn binne yn de provinsje Fryslân, fan de 16de ieu oant mids jierren sechstich fan de foarige ieu.
AlleFriezen stribbet der ynearsten nei om alle gegevens út de iepenbiere akten fan de boargerlike stân (fan 1811 ôf) beskikber te stellen en it mooglik te meitsjen om alle akten dy’t by de presintearre gegevens hearre te besjen. AlleFriezen is dêrby ôfhinklik fan (finansjele) meiwurking fan de Fryske gemeenten. Op termyn moatte de gegevens út de boargerlike stân oanfolle wurde mei gegevens út oare boarnedokuminten, lykas it befolkingsregister.
Lês mear

Yn ferbân mei thúswurkjen it folgjende fersyk:

By foutmeldings notarieel graach it fotonûmer fermelde, as dat fan tapassing is.
By foutmeldings DTB oan ’e hân fan fynsten by Familysearch graach de tekst boppe yn it skerm dy’t begjint mei "https://www.familysearch.org/" en it fotonûmer fermelde.
Tige tank!